Provinsje wol jild fan SP'er

Palmen moat betelje, sa fynt de provinsje
De provinsje spant in rjochtsaak oan tsjin it eardere SP-steatelid Hanny_Palmen-Lehmann. De provinsje wol goed 40.000 euro fan har werom hawwe. Dat jild wie bestimd foar personeelskosten, mar Palmen hat dat yn eigen bûse stutsen.
Nei har fertrek út de steaten binne ôfspraken makke oer it werombeteljen fan dy bydrage, mar Palmen komt dy net nei. De provinsje easket no it jild fia de rjochter werom.