Malheur mei nije gaslieding

03 feb 2007 - 11:08

De Gasunie sil in nije gaslieding ûnder it Prinses_Margrietkanaal by Jirnsum no alwer ferfange. De lieding fan 700 meter lang is by de oanlis ein ferline jier skansearre rekke troch swalkkeien dy't yn de grûn sitte. Dat hat bliken dien by in ynspeksje.

De spesjale coating oan de bûtenkant fan de buis is skansearre troch de stiennen. It ferfangen fan de buis kostet ien miljoen euro en duorret op syn minst fjouwer wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)