Kandidaten De Friezen bekend

© Omrop Fryslân
Doede_Damsma fan Ljouwert stiet op nûmer ien fan de kandidatelist fan De Friezen foar de steateferkiezings. De Friezen is in nije politike beweging dy't yn de Provinsjale Steaten besiket te kommen. De Friezen wolle dat der mear foech fan Den_Haach nei Fryslân giet, it ideaal is in aparte status. Damsma is ek foarsitter fan dy partij.
Op nûmer twa stiet Jaap_Jager fan Hijum en op nûmer trije Ronnie_Pieters, dy't oarspronklik fan Bonaire komt.