Kuipers ferfangt Nijenhuis
Reedrider Simon Kuipers fan it Hearrenfean ferfangt sneon Beorn Nijenhuis op de 1.500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Turijn. Nijenhuis hat noch tefolle hinder fan in blessuere dy't er it ôfrûne wykein oprûn. Behanneling hat net genôch ferbettering opsmiten.
Simon Kuipers moat it yn de sechde rit opnimme tsjin de Kanadees Steven Elm.