Buert Aldeboarn wurdt opknapt

© Omrop Fryslân
Yn Aldeboarn krije de Swettebuorren en omkriten grutte opknapbeurt. De gemeente Boarnsterhim en Wenningboukorporaasje Welkom stekke dêr tsien miljoen euro yn.
De huzen en de iepenbiere romte foldogge net mear oan 'e easken. 37 Wenten wurde delhelle en dêr komme 29 foar yn it plak. Ek it grien krijt in opknapbeurt. Wethâlder Minkes en deputearre Andriesen joegen freed it startskot fan 'e grutte renovaasje.