Kampanje CU begjint op Skier

02 feb 2007 - 15:52

De ChristenUnie Fryslân begjint nije wike sneon op Skiermûntseach mei de kampanje foar de Steateferkiezings. Moarns is yn 'e Herfoarme tsjerke in debat mei prominente eilanners.

De partij hat foar Skiermûntseach keazen omdat dat eilân ta moaiste plak fan Nederlân útroppen is. Boppedat wie de partij ien fan 'e inisjatyfnimmers foar de grinskorreksje. It eilân koe doe by Fryslân bliuwe en gie net oer nei Grinslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)