Surseânse foar De Tille

Selexyzboekhannels, dêr't De Tille yn Ljouwert ek ûnder falt, hat surseânse fan betelling oanfrege. De bank en de krediteuren binne it net iens wurden mei in potinsjele ynvestearder. Omdat der net genôch jild mear is om de hier fan de winkels en it lean fan it personiel te beteljen, is besletten útstel fan betelling oan te freegjen. De keten hat wol goed ferkocht yn de boekewike.
Foarearst wurdt derop ynset om alle sechstjin winkels iepen te hâlden en dêr in oernamekandidaat foar te finen.