Fuotbalfjilden nei Blomketerp

02 feb 2007 - 11:42
  • De tekening fan it nije plan

Op rekreaasjeterrein Blomketerp yn Frjentsjer moatte fuotbalfjilden en in atletykbaan komme. Dat wol de gemeente Frjentsjerteradiel. Dat plak is de iennige opsje, fynt de gemeente.

Op it plak fan 'e fjilden fan no wol de gemeente huzen hawwe. Dêrmei soe de fjildferhuzing betelle wurde moatte. Mar dat giet net troch, want fan 'e provinsje mei de gemeente gjin huzen mear bouwe. De ferhús- en oanliskosten wurde rûsd op 2,5 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)