Jonge fertocht fan ynbrekkerij

© Omrop Fryslân
Op It_Hearrenfean is tongersdeitejûn in jonge út Aldeberkeap (14) oanhâlden op fertinking fan ynbraak yn in wenhûs. Dat wie oan de Lepelaarstrjitte.
In omwenner hie glêsrinkeljen heard en wie derhinne gien. Hy seach twa jonges fuortrinnen, mar wist de 14-jierrige oer te dragen oan 'e plysje. Op it plysjeburo is de mem fan de jonge belle. De fertochte is ynsletten foar neier ûndersyk.