Jongemanlju pakt mei drugs

© Omrop Fryslân
Op it Skieppemerkplein yn Snits binne tongersdei twa jonges fan 19 en 20 jier út Oudenbosch oanhâlden. Se hiene xtc-pillen en in pûdsje mei wyt poeier by harren.
De plysje fûn de drugs doe't de manlju bekeurd waarden foar it riden yn in fuotgongersgebiet. De auto fan de fertochten is yn beslach nommen. De auto en it wite poeier wurde neier ûndersocht.