Brân by werf yn Heech

01 feb 2007 - 23:07

By de skipswerf fan Talsma oan de Osingahuzen yn Heech hat tongersdei brân west. Om sawat healwei tsienen jûns kaam reek út ien fan de loadsen. It die bliken dat in boat yn 'e brân stie.

It earste plan wie om de boat út de loads te heljen, mar mislearre. De branwacht is doe mei slangen de loads yngien. It fjoer wie rillegau ûnder kontrôle. De eigner fan 'e werf kin noch neat sizze oer de skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)