Wer syktocht om frou yn Dokkum

© Omrop Fryslân
De plysje besiket noch ien kear de frou te finen dy't in heal jier lyn yn Dokkum in jonge oanriden hat. Nei oanlieding fan tips yn dy rjochting giet de plysje op syk nei in frou fan de kream- of thússoarch.
Der is útsocht wa't yn 'e wyk De Koailannen, dêr't it ungelok barde, yn july ferline jier in poppe krigen hat. De plysje sil by dy húshâldens del om te freegjen of't sy de frou miskien kenne.