Dochs stoarmskea yn bosken

© Omrop Fryslân
De stoarm fan twa wiken lyn hat dochs foar mear skea yn de bosken soarge as at Steatsboskbehear earst tocht. Foaral yn it súdeasten fan Fryslân ha bosken bot te lijen hân fan it stoarmwaar.
Steatsboskbehear kin it opromwurk allinne net mear oan. Der wurde dêrom oannimmers ynhierd, mei kranen en bulldozers. Fanwege de drokte bliuwe oare putsjes lizzen.