OM: legere straffen ATF-saak

By de brân giene tonnen gemyske stoffen de loft yn
Justysje easket in legere straf tsjin de direkteuren fan it eardere ôffalferwurkingsbedriuw ATF yn Drachten. Dêr wie yn 2000 in grutte brân, dêr't sij ferantwurdlik foar hâlden wurde.
It OM easket minder hege boetes en wurkstraffen omdat it in diel fan de oanklacht net bewize kin. It bedriuw soe net earlik opskreaun ha hoe't it mei bepaalde ôffalstoffen omgien is. Dat kin dus net hurd makke wurde.