Betiid ride op Weissensee

01 feb 2007 - 16:10

De reedrydwedstriden op de Weissensee yn Eastenryk begjinne dit wykein hiel betiid. It iepen NK foar manlju begjint sneon om acht oere moarns, de Aart_Koopmans_Memorial op snein ek. De froulju begjinne beide dagen fiif minuten nei de manlju.

De wedstriden waarden earder fannewike ôfsein fanwege min waar en mis iis. It hat no goed ferzen en der is woansdei besletten ta in lytser program. Der dogge altyd in soad Friezen oan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)