Ploeg tsjin fúzje Essent/Nuon

01 feb 2007 - 15:14
  • Ploeg is op de enerzjyfúzje tsjin

Deputearre Jan Ploeg sjocht neat yn de fúzjeplannen fan enerzjybedriuwen Essent en Nuon. Tongersdei waard bekend dat de bedriuwen it iens wurden binne. Neffens Ploeg wurdt der sa in monopoalje foarme en is dat net goed foar de konsumint. Boppedat wurdt de macht fan oandielhâlders as de provinsje Fryslân fierder beheind.

Ploeg wol dat oare oandielhâlders no Fryslân útkeapje. De oandielen moatte 1,4 miljard euro opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)