Hynstepensjon yn Droegeham

© Omrop Fryslân
Yn Droegeham komt nei alle gedachten in hynstepensjon en hynstehâlderij. In ynwenner fan it doarp hat dêr in plan foar yntsjinne by de gemeente Achtkarspelen. Boargemaster en wethâlders binne posityf oer it plan.
De inisjatyfnimmer wol der letter ek noch in hynsteriidhal by ha. B en w binne yn prinsipe ree om dêr ek oan mei te wurkjen.