Byldsje komt út Ingelân

It is net dúdlik hoe't dit byldsje yn de Knipe telâne kaam is...
It âlde byldsje dat fannewike oan it ljocht kaam by de boaiemfynstendei yn Bûtenpost, komt nei alle gedachten út Ingelân. Neffens konservator Kramer fan it Fries Museum is it byld fan Romeinsk-keltyske oarsprong en stamt it út de earste of twadde ieuw nei Kristus. Kramer besiket mear ynformaasje te krijen yn Ingelân.
It byld waard in pear jier lyn fûn by de Knipe. Hoe't it dêr bedarre is, is net dúdlik.