Oerfallers oppakt

01 feb 2007 - 11:23

De plysje hat woansdei yn Aldegea (S) trije manlu (43, 21, 19) oanhâlden omdat se yn de Pein in Drachtster (20) oerfallen ha soene. It slachtoffer soe skopt en slein wêze en him soe jild ôfpakt wêze. De fertochten binne doe útnaaid.

Omdat de plysje in goed sinjalemint krige, koene de manlju oppakt wurde op de Fabrykswei yn Aldegea. Nei alle gedachten wie in saaklike rûzje de oanlieding foar de oerfal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)