Nije natuer yn Pinepolder

01 feb 2007 - 11:05

Yn de Pinepolder tusken Heech en de Gaastmar komt in nij stik natuer. Yn de Idzegeasterpoel dêr komt in daam foar de wâl. It ôfsette diel nei de kant ta wurdt opfolle mei dat baggerslyk út de Hegemer Mar.

De bagger komt frij by it útdjipjen fan de fargeul yn de Hegemer Mar. It slyk wurdt mei in transportlieding nei de Pinepolder ta brocht. It wurk moat mids april klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)