Neisoarch moandei los

22 mrt 2012 - 18:10

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten begjint uterlik moandei mei de neisoarch, ek al is it kwotum oan ljipaaien dat socht wurde mei, noch lang net helle. De teller stiet no op in lytse 3.000 aaien. Der meie 5939 aaien socht wurde. De BFVW ferwachtet net dat dat kwotum foar moandei helle wurdt. It is ek net in doel op himsels om it fol te sykjen.

De BFVW hat fan boeren yn de provinsje heard dat dy fierhinne klear binne mei it wurk op it lân dat no dien wurde moat. Fan moandei ôf wurdt it rêstiger en kin de neisoarch los.

Trefwurden: 
ljipaaien BFVW kwotum neisoarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)