Gearwurking sportorganisaasjes

01 feb 2007 - 10:27

De trije sportstypjende organisaasjes yn it Noarden sille gearwurkje. Se tekenje ynkoarten in oerienkomst. De gearwurking moat derfoar soargje dat lytse sportferienings folle better holpen wurde. Ek moat it sa mooglik wurde folweardich lid te wurden fan it oerkoepeljende sportbûn NOC-NSF.

De nije organisaasje sil fuort ûndersyk dwaan nei ferienings yn it Noarden. Sa moat dúdlik wurde wêr't dy ferlet fan ha en wat knyppunten binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)