Poalen oppakt foar dieverij

01 feb 2007 - 09:58

Yn Ljouwert binne trije Poalen oppakt foar winkeldieverij. In winkelbefeiliger seach de twa froulju en de man rinnen mei in spesjale anty-stellerij-tas. De befeiliger belle de plysje. Dy hat twa fan de trije fertochten yn in auto op Stasjonsplein oanhâlden. De tredde fertochte, in frou, is letter oppakt.

De auto lei fol mei klean en make-up dy't nei alle gedachten stellen binne. De Poalen sitte fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)