De Geus oer arbeidshandikapten

© Omrop Fryslân
Fryske bedriuwen moatte oparbeidzje om minsken mei in arbeidshandikap wer oan it wurk te krijen. Dat wie it boadskip fan minister De_Geus fan sosjale saken by in wurkbesite oan taksybedriuw Oenema op It_Hearrenfean.
De_Geus liet him dêr byprate oer de wize wêrop´t Oenema minsken mei in saneamde arbeidshandikap wer oan it wurk helpt. Neffens De_Geus kinne in soad oare bedriuwen dêr in foarbyld oan nimme.