Gearwurking foar handikapten

31 jan 2007 - 17:13

Stichting De Noorderbrug sil gearwurkje mei de Hanzehegeskoalle yn Grins. De Noorderburg is in organisaasje dy't stipe jout oan minsken mei in lichaamlike handikap.

Doel is mear kennis te krijen oer de maatskiplike yntegraasje fan dizze minsken. Ek is it de bedoeling ûndersyk te dwaan. De útkomsten kinne brûkt wurde by it rehabilitearjen fan minsken mei in lichaamlike handikap, dôven en minsken dy't min hearre kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)