Alves bliuwt by Hearrenfean

31 jan 2007 - 16:29
  • Alves bliuwt foarearst by Hearrenfean (foto: Martin de Jong)

Afonso Alves bliuwt by sportklup Hearrenfean. Neffens foarsitter Koos Formsma hat gjin inkelde klup him offisjeel meld by Hearrenfean. Woansdei wie de lêste dei fan dizze transferperioade. Ek al soene der noch klups wêze dy't Alves oernimme wolle, dan wurket It Fean dêr net oan mei.

Nei it ferhieren fan Rob Friend, Boy Waterman en Reza Ghoochannejhad en it oanlûken fan keeper Rob van Dijk bliuwt de seleksje no by elkoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)