Lilke mails by Anker en Anker

31 jan 2007 - 14:58

Advokatekantoar Anker&Anker hat de ôfrûne wike hûnderten lilke mailtsjes krigen. It binne reaksjes op de ynset fan de advokaten foar minsken dy't mei drank op achter it stjoer sieten.

Neffens Anker&Anker hawwe in grut tal minsken in net jildige boete krigen, om't net alle plysjes in offisjele blaastest op it buro ôfnimme meie. No't dit bekend wurden is is de kâns grut dat de drankriders frijút gean as it ta in rjochtsaak komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)