Eb en floed Lauwersmargebiet

31 jan 2007 - 14:30

De provinsje wol opnij eb en floed ynfiere yn it Lauwersmargebiet. Mar it jild dêrfoar, sa'n 200 miljoen euro, moat komme fan it Ryk, oars giet it plan net troch. Deputearre Steaten ha dat tiisdei besletten.

DS wie ferdield oer it beslút. Deputearren Andriesen en Mulder(PvdA) wiene mei Bijman(CDA) foar it ynfieren fan it wikseljend tij; Baas(VVD) en Ploeg(CDA) binne tsjin. Sy wolle gjin sâlt wetter yn Lauwersmargebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)