Sloep Willem Barentsz neiboud

Willem Barentsz
De museumwerf op Skylge sil de sloep fan Willem Barentsz neibouwe. It skip wêrmei't de ûntdekkingsreizger fan Nova Zembla yn de 16e ieu werom fear wurdt yn opdracht boud.
It wurdt de twadde put foar de museum- werf fan Skylge. Dêr begjinne se dizze dagen oan de earste: it restaurearjen fan de iennichste roeirêdingsboat dy't oerbleaun is. Foarearst wurket de werf fanút in tydlik ûnderkommen yn in loads fan Doeksen oan de haven.