Schrijver bliuwt trainer Snits

31 jan 2007 - 13:35
  • Hans Schrijver bliuwt by Snits

Hans Schrijver giet dochs fierder as trainer fan haadklasser Snits. Earder makke Schrijver bekend dat er nei in klup yn it betelle fuotbal woe. No't dat net slagge is, hat hy foar twa seizoenen bytekene. Nêst trainer fan Snits is Schrijver (47) ek bûnscoach fan Oranje ûnder de 21.

Drewes Janssen ferhuzet fan Snits nei sneonshaadklasser Harkemase Boys. De 29-jierrige Janssen wie dwaande oan syn tredde seizoen by Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)