Poppe gjin Nederlander

31 jan 2007 - 13:15

It is de Ljouwerter Wiebe de Jong net slagge om foar syn soantsje de Nederlânske nasjonaliteit te krijen. It jonkje is yn augustus berne, mar wie fiif moanne lang steateleas. Dit omdat syn mem út Peru komt en net troud is mei de heit.

De heit hie de poppe foar de berte offisjeel erkenne moatten. Dat is net bard. Om't it net slagge Nederlander te wurden, hat it jonkje no de Peruaanse nasjonaliteit krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)