Duorsume brânstof beleanne

31 jan 2007 - 11:38

Iepenbier ferfiersbedriuwen dy't bussen ride litte op duorsume brânstof, meitsje mear kâns op it stedsferfier yn Ljouwert. Ynkoarten kinne bedriuwen har by de provinsje ynskriuwe foar 2008 oant en mei 2012.

De nije oanbesteging is needsaaklik omdat it kontrakt mei Arriva jannwaris 2008 ôfrint. It ferfiersbedriuw dat de measte ritten oanbiede kin, hat in grutte kâns op de gunning. It brûken fan duorsume brânstof helpt dêrby.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)