Cambuur moat noch ôfwachtsje

© Omrop Fryslân
Cambuur is foarearst net yn byld by de KNVB foar it opsetten fan in profesjoneel frouljusfuotbalteam. Neffens in wurdfierder fan de KNVB krije earedivyzjeklups foarrang by sa'n kompetysje. Dy klups moatte har wol, mei in goeie motivaasje, foar 24 febrewaris oanmelde.
SC Hearrenfean tinkt hjir op it stuit oer nei. De klup hat wol ynteresse mar hat him noch net oanmeld. Cambuur moat dus noch even ôfwachtsje.