Oanhâldings foar mishandeling

31 jan 2007 - 11:04

De plysje hat twa manlju oanhâlden foar de mishandeling fan in frou yn Bûtenpost heal desimber. In frou waard dêr middeis troch twa manlju slein neidat se de twa oer it mat kaam by in winkelstellerij. De manlju naaiden út op in skooter.

Nei in tsjûge-oprop koene in 24- jierrige man út Gerkeskleaster en in 21-jierrige man fan de Westerein oanhâlden wurde. De Westereinder hat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)