Nije ferkiezingssite provinsje

31 jan 2007 - 10:04
  • Website en stimwizer moatte gong nei de stimbus stimulearje

De provinsje hat foar de kommende steateferkiezings in spesjale website makke ûnder de namme Jou lûd. Op de twatalige website stiet ynformaasje oer de trettjin dielnimmende partijen en harren programma's en kandidaten.

Fierder stiet der ek in aginda op en in spultsje: digitaal fierljeppe. De website wurdt de kommende wiken ûnder oare útwreide mei de Fryske stimwizer en in programfergeliking. De ferkiezings binne op 7 maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)