Jeneverbeibeam fernield

© Omrop Fryslân
Steatsboskbehear siket tsjûgen fan in fernielde jeneverbeibeam yn de bosk by Appelskea. De jeneverbes is in beskerme beamsoarte. Dy beam by Appelskea is nei alle gedachten mei in hânseach troch fandalen bewurke.
Steatsboskbehear hat gjin idee wa't de ynheemse nullebeam omseage hat. As minsken wat sjoen ha, kinne se dat melde by it besikerssintrum fan it Drents-Friese Wold by Appelskea.