Ljouwert betellet berneopfang

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert sil in grut past fan de kosten foar berneopfang foar syn rekken nimme foar frijwilligers en mantelsoargers. It giet dan om minsken dy't yn in reyntegraasjetrajekt sitte en dat dogge as opstap nei in betelle baan.
By de mantelsoargers giet it om de groep dy't de soarch foar eigen jonge bern kombineare moat mei de soarch foar in oar famyljelid. De gemeente lûkt der mei-inoar 80.000 euro foar út.