De Bres moat om 11 oere ticht

Debatsintrum De Bres yn de Ljouwerter Skoalstrjitte
It Debatsintrum De Bres yn Ljouwert moat jûns om 11 oere de doarren slute. Andries Veldman fan De Bres hie by de gemeente in fergunning oanfrege om langer iepen bliuwe te meien. Dat fersyk is no ôfwiisd.
Veldman sjucht noch wol mooglikheden foar De Bres om langer iepen te bliuwen. Foar De Harmonie en teater Romein binne ek útsûnderings makke; dy meie wol langer iepen. Dan kin dat ek mei De Bres, sa tinkt Veldman.