Gjin sel foar mishanneling

30 jan 2007 - 16:33

De seis fertochten fan swiere mishanneling yn Wâlterswâld hoege de sel net yn. Op 'e hynstedagen foelen de manlju mei syn allen ien man oan. Dy ferstoar hast oan syn ferwûnings.

Twa fertochten binne frijsprutsen, de saak fan ien is oanhâlden en de oare trije krije wurkstraffen. In kursus agresjebehearsking en elekroanysk húsarrest heart ek by de straffen. It Iepenbier Ministearje giet mooglik yn berop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)