Rob van Dijk nei Hearrenfean

Rob van Dijk yn aksje tsjin Hearrenfean ferline seizoen (sc-heerenveen.nl)
Rob_van_Dijk hat in kontrakt foar in heal jier tekene by SC_Hearrenfean. De transferfrije keeper wurdt oernaam fan RKC út Waalwyk. De 38-jierrige Van_Dijk wie oan syn njoggende seizoen foar RKC dwaande, mar rekke út ´e graasje by trainer Mark_Wotte.
Van_Dijk wurdt yn prinsipe twadde keeper achter Brian_Vandenbussche. Hy spile earder foar Feyenoord, PSV en De Graafschap.