'Skylge leit fol bommen'

30 jan 2007 - 15:49

Op Skylge komt in grutte syktocht nei net ûntplofte bommen. It giet om eksimplaren dy't troch Ingelske fleantugen boppe see of lân loslitten binne. Yn Midslân soarge de fynst fan in bom foar opskuor. Neffens guon eilanners lizze der noch folle mear bommen op it eilân.

De gemeente sil no mei dy eilanners en de EOD op syk nei bommen. De ferhalen oer de bommen gean al jierren, mar no wurdt der wurk fan makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)