Nij jongereinsintrum De Lemmer

© Omrop Fryslân
De Lemmer krijt in nij sintrum foar jongerein. De ried stimde dêr moandei mei yn. Inkeld Christenunie en ien VVD-riedslid stimden tsjin fanwege de kosten. It nije gebou kostet acht ton, wylst earder sprake wie fan seis. De hegere priis komt troch de fasiliteiten.
It nije sintrum komt op it plak fan it eardere AZC. Op it plak fan it jongereinsintrum fan no, it Flevohûs, wurde huzen boud.