Strân ferbiede foar auto's

© Omrop Fryslân
It Amelân wol it strân simmerdeis ferbiede foar auto's. Alle jierren kleie mear as fyftich minsken dat se dêr fan 'e sokken riden wurde. Te folle autobestjoerders hawwe in paske krige om mei de auto op it strân te riden. Dêrom moat de regeling oanpast wurde, fynt de gemeente.
Minsken dy't net op Amelân wenje, meie hielendal net mear mei de auto it strân op. Eilanners meie dat noch wol om te bútsykjen en te jutten.