Oerlêst hûnestront bliuwt

29 jan 2007 - 23:12

It betriden fan oerlêst troch hûnestront bliuwt in drege saak. Dat docht bliken út in proef mei hûnstrontpûdsjes- en kontainers yn de Ljouwerter Oldegalileën/Bloemenbuert.

Ut ûndersyk docht bliken dat sa'n 30% fan de hûnebesitters de stront oprommet. Allinich wannear der troch tafersjochhâlders kontrolearre wurdt dogge mear hûnebesitters mei. De útkomsten fan it ûndersyk wurde brûkt om belied te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)