Van der Meij hâldt op mei PC

29 jan 2007 - 20:35

Fanwege slimme sûnensproblemen moat Jan van der Meij fuortendaliks ophâlde as foarsitter fan de PC. Van der Meij wie sawat fjirtjin jier it gesicht fan it ferneamde keatsevenemint yn Frjentsjer.

Siktaris Minne Dijkstra wurdt de nije foarsitter. Ponghâlder Siemen Volberda nimt de sekretarispost oer en fize-foarsitter Johan Dijkstra wurdt de nije ponghâlder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)