Tuttel nije haadtrainer SCO

© Omrop Fryslân
Jan Tuttel wurdt mei yngong fan it seizoen 2007/2008 de nije haadtrainer fan kuorbalferiening SCO út Aldeholtpea. De 47-jierige Tuttel hat in kontrakt tekene foar twa jier.
Ôfrûne jierren wie de Wolvegeaster trainer fan ferskate klups lykas Drachten, ASVD en de Meeuwen. Tuttel wie as spiler fan SCO yn de jierren tachtich en njoggentich Nederlânsk ynternasjonal.