Itenser al wike fermist

de fermiste Hans Dykstra
Hans Dykstra (42) fan Itens wurdt sûnt ferline wike moandei fermist. Op dy dei is er út it hûs fan syn âldste broer Tom flechte neidat de hûsdokter dêr oer syn sûnenstastân prate woe.
De fermiste man is earst noch bûten it doarp sjoen en dêrnei foar it lêst by de Mennistetsjerke yn it doarp. De famylje makket him bot soargen oer de man. Neffens de leden soe Dykstra yn in psychoaze sitte, doe't er ferdwûn.