Percy Sledge komt nei Ljouwert

29 jan 2007 - 15:51
  • Percy Sledge

De wrâldferneamde soulsjonger Percy Sledge sil mei Himelfeartsdei optrede yn muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert. De sjonger jout trije konserten yn Nederlân, wêrûnder ek in optreden op it North See Jazzfestival yn Den Haach.

Percy Sledge is fral bekend fan it nûmer 'When a man loves a woman' dat yn 1966 in grutte hit wie en yn 1987 op 'e nij in súkses waard om't it brûkt waard yn in spikerbroekereklame.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)