Drokte by SC Hearrenfean

Sportklub Hearrenfean hat belangstelling foar keeper Jelle ten Rouwelaar. Nei it fuortgean fan doelman Boy Waterman nei AZ, is Hearrenfean op syk nei in twadde keeper. Ten Rouwelaar stiet no noch ûnder kontrakt by Austria Wien.
Heracles Almelo hat ynteresse foar it hieren fan spits Rob Friend. De clubs binne al akkoard. Friend moat foar woansdeitenacht beslúte oft hy op de oanbieding fan Heracles yngean wol.