'Jild foar oanpak probleemwyk'

de iepen brief yn de krante
In nij kabinet moat jild beskikber stelle om probleemwiken yn Nederlân oan te pakken. As dat net gebeurt dan bestiet de kâns dat jongeren, lykas yn Frankryk, yn opstân komme.
Mei in iepen brief achterop de Volkskrant fertelle ferskate organisaasjes formateur Wijffels oer harren soargen. De brief is ek ûndertekene troch Fryske gemeenten en Fryske wenningstichtings.